wetzoeker

Kêst 5 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. Elk lid fan it algemien bestjoer hat ien stim.

2. In lid fan it algemien bestjoer nimt net diel oan de stimming oer in oangelegenheid dy’t him streekrjocht of midlik persoanlik oangiet of wêrby’t hy as fertsjintwurdiger yn in oare eigenskip ek behelle is en wêrby’t spanning fan belangen spilet of de yntegriteitsfraach oan ‘e oarder wêze kinne soe.

3. In beneaming giet immen persoanlik oan, wannear’t hy heart by de persoanen dêr’t de kar troch in foardracht of by in werstimming ta beheind is.

4. In stimming is allinne jildich, as mear as de helte fan it tal leden dat sitting hat en him net fan dielnimming oan de stimming ûnthâlde moat, dêroan dielnommen hat.

5. It fjirde lid is net fan tapassing:

a. as op ‘en nij stimd wurdt oer in útstel of oer in beneaming, foardracht of oanrekommandaasje fan ien of mear persoanen oangeande wa’t yn in eardere gearkomste in stimming op grûn fan dat lid net jildich wie;

b. foar safier’t it ûnderwerpen oanbelanget dy’t yn in dêroan foarôfgeande net iepene gearkomste oan ‘e oarder steld wiene.

6. Foar it ta stân kommen fan in beslissing by stimming wurdt absolute mearderheid easke fan harren dy’t in stim útbrocht hawwe, foar safier’t de regeling net oars foarskriuwt.

7. By in skriftlike stimming wurdt ûnder it útbringen fan in stim ferstien it ynleverjen fan in behoarlik ynfolle stimbriefke.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl