wetzoeker

Kêst 4a Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It algemien bestjoer komt op syn minst twa ris jiers byinoar en fierder sa faak as de foarsitter of it deistich bestjoer dat nedich achtsje, of op syn minst in fiifde fan it tal leden dat, ûnder opjefte fan redenen, skriftlik freget.

2. De gearkomsten fan it algemien bestjoer binne iepenbier. As de foarsitter of in fiifde part fan de oanwêzige leden dat nedich achtsje, moat it algemien bestjoer beslute oft de gearkomste mei sletten doarren wêze sil.

3. It algemien bestjoer stelt in reglemint fan oarder foar syn gearkomsten en oare wurk fêst.

4. De foarsitter ropt de leden skriftlik ta de gearkomste op.

5. Tagelyk mei de opropping makket de foarsitter dei, tiid en plak fan de gearkomste iepenbier bekend. De wurklist en de útstellen dy’t dêrby hearre, mei útsûndering fan de yn kêst 23, twadde lid, fan de Wet gemeenschappelijke regelingen bedoelde stikken wurde tagelyk mei de opropping en op in by de iepenbiere meidieling oanjûne wize op besjen lein.

6. De gearkomste wurdt net iepene eardat, sa’t út ‘e presinsjelist bliken docht, mear as de helte fan it tal leden dat sitting hat oanwêzich is en ek alle dielnimmers oanwêzich binne.

7. As nei oanlieding fan it seisde lid de gearkomste net iepene wurde kin, beleit de foarsitter, ûnder ferwizing nei dit kêst, op ‘en nij in gearkomste op in stuit dat op syn minst fjouwerentweintich oeren nei it besoargjen fan de opropping leit.

8. Op de gearkomste, bedoeld yn it sânde lid, is it seisde lid net fan tapassing. It algemien bestjoer kin lykwols oer oare oangelegenheden as dy dêr’t de as gefolch fan it seisde lid net iepene gearkomste foar belein wie allinne mei-inoar rieplachtsje of beslute, as út de presinsjelist bliken docht dat mear as de helte fan it tal leden dat sitting hat oanwêzich is en ek alle dielnimmers oanwêzich binne.

9. Oare persoanen kinne útnûge wurde om as adviseur in beskate gearkomste fan it algemien bestjoer by te wenjen.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl