wetzoeker

Kêst 2b Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It bestjoer fan Tresoar fiert foar minister it neikommende wurk, de taken en foegen út:

a. de beheartaken, te ûnderskieden yn it behâlden, bewurkjen en benuttigjen fan de argyfstikken dy’t yn it ryksbewarplak berêste.

b. de taken en foegen, bedoeld yn de kêsten 15, tredde lid, 16, twadde lid, 17, 18, 19 en 20, fan de Archiefwet 1995;

c. it foech fan de minister om op grûn fan de kêsten 25 en 26, twadde lid, fan de Archiefwet 1995 de ryksargivaris yn de provinsje te beneamen, tydlik út syn amt te setten en te ûntslaan;

2. it advisearjen en it dwaan fan útstellen oan de minister oer de taken en foegen, dy’t troch de minister of deputearre steaten útfierd wurde, nei oanlieding fan de kêsten 5, 6, 7, 8, 12, 13 en 15, earste en twadde lid, fan de Archiefwet 1995.

3. It bestjoer fan Tresoar fiert foar deputearre steaten de neikommende taken út:

a. it behear, de útwreiding en it publyk tagonklik meitsjen fan de kolleksjes fan de eardere Provinciale en Buma Bibliotheek, en

b. it befoarderjen fan de Fryske literatuer en de ûntwikkeling dêrfan, troch it Fryske literêre klimaat te ferbreedzjen yn de meast romme sin.

4. It bestjoer fan Tresoar fiert foar it stichtingsbestjoer de neikommende taken út:

it behear, de útwreiding en it publyk tagonklik meitsjen fan de kolleksjes fan de stichting.

5. Oan it bestjoer fan Tresoar kinne troch de minister, deputearre steaten en de stichting oare taken dy’t ferbân hâlde mei it behertigjen fan de belangen, bedoeld yn kêst 2, opdroegen wurde.

6. De taken as bedoeld yn it earste, twadde en tredde lid wurde útfierd mei achtslaan fan de troch of foar de minister, de provinsje en de stichting fêststelde beliedsramten, beliedsregels en oare ynstruksjes.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl