wetzoeker

Kêst 27 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It bestjoer fan Tresoar jout as dêr om frege wurdt oan de minister, deputearre steaten en it stichtingsbestjoer de ynljochtings dy’t foar it útoefenjen fan harren taak nedich binne. De minister, deputearre steaten en it stichtingsbestjoer kinne it ynsjen fan saaklike gegevens en beskieden easkje, foar safier’t dat foar it ferfoljen fan harren taak reedlikerwize nedich is.

2. It bestjoer fan Tresoar stelt de minister altyd yn de gelegenheid tafersjoch te hâlden op it bepaalde by of neffens de Archiefwet 1995 oangeande de argyfbeskieden dy’t yn it ryksargyfbewarplak yn de provinsje berêste.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl