wetzoeker

Kêst 22 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. In posityf saldo kin ornearre wurde foar it foarmjen fan of tafoegjen oan de reserve, of kin útbetelle wurde. De hichte fan dy reserve wurdt troch it algemien bestjoer fêststeld, neidat de minister en provinsjale steaten dêroer heard binne. Foar safier’t in posityf saldo net brûkt wurdt foar de reserve, sil it saldo nei rato fan de jierlikse bydrage oan de minister en de provinsje útkeard wurde.

2. De algemiene reserve yn in jier mei net mear wêze as tsien prosint fan de bydrage fan de dielnimmers mei-inoar oan de regeling fan dat jier.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl