wetzoeker

Kêst 21 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It algemien bestjoer stelt de jierrekken fêst yn it jier dat folget op it jier dêr’t dy jierrekken op slacht.

2. It deistich bestjoer stjoert foar 15 april fan it jier nei it jier dêr’t de jierrekken foar ornearre is, in foarriedige jierrekken nei de minister, provinsjale steaten en it stichtingsbestjoer. By de jierrekken is in ferklearring oangeande sekuerens en rjochtmjittigens, ôfjûn troch in akkountant as bedoeld yn kêst 393 fan Boek 2 fan it Burgerlijk Wetboek.

3. It deistich bestjoer stiet der noed fan dat meiwurking jûn wurdt oan troch of út namme fan de akkountant(s) fan de minister, de provinsje yn te stellen ûndersiken nei it troch de akkountant, bedoeld yn it earste lid, útfierde (kontrôle)wurk.

4. It deistich bestjoer bringt alle jierren oan de minister, provinsjale steaten en it stichtingsbestjoer foar 15 april in ynhâldlik ferslach út fan it wurk, it fierde belied yn it algemien en de doelmjittigens en effektiviteit fan syn wurk en wurkwize yn it bysûnder yn it ôfrûne kalinderjier.

5. It deistich bestjoer stjoert de jierrekken binnen twa wike nei de fêststelling, mar yn alle gefallen fóár 15 july fan it jier dat folget op it jier dêr’t de jierrekken op slacht, oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, de minister, provinsjale steaten en it stichtingsbestjoer.

6. It deistich bestjoer soarget derfoar dat de yn it earste en tredde lid bedoelde stikken algemien te krijen binne.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl