wetzoeker

Kêst 18a: Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It algemien bestjoer stelt de begrutting fêst yn it jier dat foarôf giet oan dat, dêr’t de begrutting foar ornearre is.

2. Nei’t dy fêststeld is, stjoert it algemien bestjoer, as dat nedich is, de begrutting oan de minister en provinsjale steaten dy’t dêroer by de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes harren sjenswize nei foaren bringe kinne.

3. It deistich bestjoer stjoert de begrutting binnen twa wike nei it fêststellen, mar yn alle alle gefallen fóár 1 augustus fan it jier dat foarôf giet oan dat dêr’t de begrutting foar ornearre is, oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl