wetzoeker

Kêst 17 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It deistich bestjoer stelt ienris yn ‘e fjouwer jier in fjouwerjierrich beliedsplan en in mearjierrerûzing op.

2. It fjouwerjierrich beliedsplan befettet in skets fan de belieds- en trendmjittige ûntwikkelings op it mêd fan it kolleksje- en argyfbehear yn romme sin, it ûntsluten fan it dêryn opnommen erfgoed en it (Frysktalige) literêre klimaat yn Fryslân.

3. In perioade fan fjouwer jier dêr’t yn lid 1 op doeld wurdt, falt gear mei de perioade fan in kultuernota lykas bedoeld yn kêst 3 fan de Wet op het specifiekcultuurbeleid.

4. It deistich bestjoer stjoert it ûntwerp-beliedsplan en de ûntwerp-mearjierrerûzing oan it algemien bestjoer. It algemien bestjoer stelt se fêst. Uterlik 15 april fan it jier dat foarôf giet oan de perioade dêr’t it fjouwerjierrich beliedsplan en de mearjierrerûzing op slagge, wurde dy tastjoerd oan de minister, provinsjale steaten en it stichtingsbestjoer.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl