wetzoeker

Kêst 15 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It algemien bestjoer kin beslute dat de leden fan it algemien of deistich bestjoer, foar safier’t hja net de funksje ferfolje fan deputearre, kommissaris fan de Kening, of as amtner yn tsjinst fan it Ryk of de provinsje wurkje, in fergoeding foar harren wurk foar Tresoar krije.

2. De leden fan de bestjoeren, bedoeld yn it earste lid, krije in temjittekomming yn de kosten. Reis- en ferbliuwskosten foar it bywenjen fan de gearkomsten fan it algemien bestjoer hearre dêr ek by.

3. De yn de foargeande leden bedoelde fergoeding en temjittekomming wurde troch it algemien bestjoer fêststeld en yn de jierlikse begrutting opnommen.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl