wetzoeker

Kêst 14 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. De foarsitter wurdt troch en út it algemien bestjoer oanwiisd.

2. Ut de oare leden fan it deistich bestjoer, bedoeld yn kêst 10, earste lid, wurde ien of mear plakferfangend foarsitters oanwiisd.

3. De foarsitter hat de lieding fan de gearkomsten fan it algemien bestjoer en it deistich bestjoer op ‘e noed.

4. De foarsitter tekenet de stikken dy’t it algemien bestjoer of it deistich bestjoer útgean lit, of it moat wêze dat hy it tekenjen fan guon stikken oan de direkteur opdroegen hat.

5. De foarsitter fertsjintwurdiget Tresoar mei rjocht en bûten it rjocht. Hy kin de fertsjintwurdiging opdrage oan immen oars, dy’t fan him dêrta machtige is.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl