wetzoeker

Kêst 10 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It deistich bestjoer bestiet út de foarsitter en twa oare troch it algemien bestjoer út syn midden oan te wizen leden, sa dat sawol in lid oanwiisd troch de minister, in lid oanwiisd troch deputearre steaten as in lid oanwiisd troch it stichtingsbestjoer as lid fan it deistich bestjoer oanwiisd wurde.

2. It lidmaatskip fan it deistich bestjoer einiget fan rjochtswegen, sadree’t ien ophâldt lid te wêzen fan it algemien bestjoer.

3. Kêst 4, achtste lid, is op deselde wize fan tapassing.

4. Alle leden fan it deistich bestjoer hawwe ien stim. Beslútfoarming bart by absolute mearderheid fan stimmen, foar safier’t net oars yn de regeling fêstlein is.

5. Yn ‘e gearkomste fan it deistich bestjoer kin allinne dan rieplachte of besletten wurde, as alle sitting hawwende leden oanwêzich binne.

6. As it easke tal leden net oanwêzich is, beleit de foarsitter, ûnder ferwizing nei dit kêst, op ‘en nij in gearkomste.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl