wetzoeker

Kêst 8 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. In lid fan it algemien bestjoer dat troch de minister oanwiisd is jout de minister sa gau mooglik mar yn alle gefallen binnen 45 dagen de troch de minister frege ynljochtings.

2. In lid fan it algemien bestjoer dat troch deputearre steaten oanwiisd is jout oan deputearre steaten en provinsjale steaten sa gau mooglik mar yn alle gefallen binnen de termyn neamd yn it reglemint fan oarder fan provinsjale steaten, de troch ien of mear leden frege ynljochtings.

3. In lid fan it algemien bestjoer dat troch it stichtingsbestjoer oanwiisd is, jout oan it stichtingsbestjoer sa gau mooglik mar yn alle gefallen binnen 45 dagen de troch ien of mear leden frege ynljochtings.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl