wetzoeker

Kêst 6 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

1. It algemien bestjoer hat om alle oan Tresoar takende taken útfiere te kinnen alle foech dat net oan in oar orgaan opdroegen is.

2. It algemien bestjoer kin de direkteur, bedoeld yn kêst 29, ta ryksargivaris yn de provinsje beneame, tydlik út syn amt sette en ûntslaan.

3. Oan de foegen fan it algemien bestjoer wurde gjin beheinings oplein as gefolch fan kêst 44 fan de Wet gemeenschappelijke regelingen, mits it totaal fan de ferplichtings dy’t oangien wurde binnen de goedkarde begrutting falt. Foar it oangean fan ferplichtings troch it algemien bestjoer bûten de goedkarde begrutting jildt de proseduere fan kêst 18, 18a en 19.

4. It algemien bestjoer beslút allinne dan ta it oprjochtsjen fan en it dielnimmen yn stichtings, maatskippen, fennoatskippen, ferienings, koöperaasjes en ûnderlinge boarchmaatskippijen, as dat yn it bysûnder oanwiisd achte wurde moat foar it behertigjen fan it dêrmei te tsjinjen belang. It beslút wurdt net nommen dan neidat de minister, provinsjale steaten en it stichtingsbestjoer yn de gelegenheid steld binne om it algemien bestjoer fan harren winsken en betinkings op ‘e hichte te bringen. It beslút wurdt nommen by unanimiteit.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl