wetzoeker

Kêst 1 Gemeenschappelijke regeling Tresoar

Yn dizze mienskiplike regeling wurdt ferstien ûnder:

1. de minister: de Minister foar Underwiis, Kultuer en Wittenskip;

2. de provinsje: de provinsje Fryslân;

3. de stichting: de stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum;

4. argyfbeskieden: argyfbeskieden as bedoeld yn kêst 1, ûnderdiel c, fan de Archiefwet 1995;

5. kolleksjes: de samling histoaryske foarwerpen, boeken en oare skriftlike en elektroanyske beskieden yn de meast romme sin fan it wurd, dy’t gjin argyfstikken binne, yn eigendom fan of behear by de minister, de provinsje en de stichting foar safier’t it giet om foarwerpen, boeken of beskieden by it ryksargyfbewarplak yn de provinsje, de eardere Provinciale en Buma Bibliotheek yn Ljouwert en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert;

6. deputearre steaten: deputearre steaten fan de provinsje;

7. provinsjale steaten: provinsjale steaten fan de provinsje, en

8. stichtingsbestjoer: it bestjoer fan de stichting.

Regeling
Gemeenschappelijke regeling Tresoar
Soort
Ministeriële regeling
Geldend vanaf
01-07-2021
BWB-id
BWBR0045479
Versie
2021-07-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl