wetzoeker

Eed en belofte Wetterskip Fryslan Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017

Ik swar/ferklearje dat ik dit amt op in earlike wize krigen haw. Dat betsjut:

– Ik ha foar dit amt keazen. Ik bin net omkocht en ha ek gjinien omkocht. Net mei jeften en net mei beloften.

– Ik haw earlike ynformaasje jûn en haw neat benefter holden wat foar dit amt fan belang wêze kin.

Ik swar/ûnthjit de Kening en de Grûnwet trou te wêzen en Nederlân as goed amtner te tsjinjen. Dat betsjut:

– Ik wurkje yn it algemien belang foar ús maatskippij en set my dêr folslein foar yn.

– Ik wurkje ynteger en behannelje elkenien rjochtfeardich, lykweardich en mei respekt.

– Ik gean soarchfâldich om mei ynformaasje. Ik draach by oan in iepen oerheid en wit ek dat ik fertroulike ynformaasje geheim hâlde moat.

– Ik gedraach my neffens ús wetten, it rjocht en de gedrachsregels dy 't fierder foar my jilde.

Sa wierlik helpe my God Almachtich (eed)

Dat ferklearje en ûnthjit ik (belofte)

Regeling
Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017
Soort
AMvB
Geldend vanaf
01-01-2025
BWB-id
BWBR0042692
Versie
2025-01-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl