wetzoeker

Eed en belofte van de gemeente Waadhoeke (Fries) Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017

Ik swar/sis ta, dat ik trou wêze sil oan de kening en dat ik de Grûnwet en alle oare wetten fan ús lân earbiedigje sil;

Ik swar/ferklearje, dat ik noch direkt, noch yndirekt yn wat foar foarm dan ek falske ynformaasje jûn haw yn ferbân mei it krijen fan myn tsjinstferbân;

Ik swar/ferklearje, dat ik foar it krijen fan myn tsjinstferbân oan nimmen wat jûn as tasein haw en dat ik dat ek net dwaan sil;

Ik swar/ferklearje, dat ik foar it krijen fan myn tsjinstferbân fan nimmen jeften oannommen haw en oan nimmen tasizzings dien haw en dat ik dat ek net dwaan sil;

Ik swar/sis ta, dat ik krekt en sekuer de my opdroegen taken dwaan sil en saken dy»t ik op grûn fan myn funksje fertroulik te witten krij of dêr»t ik it fertroulik karakter fan ynsjen moat, geheim hâlde sil foar oaren as dyjinge oan wa»t ik út reden fan jins amt ta meidieling ferplichte bin;

Ik swar/sis ta, dat ik my gedrage sil lykas in goed amtner foeget, dat ik soarchfâldich, sûnder wryt of slyt en betrouber wêze sil en dat ik neat dwaan sil wat it oansjen fan it amt skea dwaan sil.

Sa wierlik helpe my God Almachtich!/Dat ferklearje en sis ik ta!

Regeling
Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017
Soort
AMvB
Geldend vanaf
01-01-2025
BWB-id
BWBR0042692
Versie
2025-01-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl