wetzoeker

Eed en belofte gemeente Leeuwarden (Fries) Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017

Op de fraach fan it befoege gesach (...) (boargemaster, kolleezjelid of gemeentesekretaris) ferklearje ik .................... (namme sa as dy op it ID bewiis stiet), wurksum by ... (de gemeente Ljouwert), dat ik

− foar it krijen fan it tsjinstferbân en it fuortsetten hjirfan oan nimmen wat jûn of beloofd ha, noch jaan sil of belove (al dan net ûnder druk);

− my oan de wet hâlde sil, gjin misbrûk meitsje sil fan myn (amtlike) posysje en my as in goed amtner gedrage sil;

− fertroulik omgean sil mei gefoelige ynformaasje;

− myn privee-aktiviteiten goed skieden hâlde sil fan myn wurksumheden as amtner;

− myn ûnôfhinklike opstelling net beynfloedzje litte sil troch û.o. it oannimmen fan (jildlike) presintsjes;

− ferantwurdlik omgean sil mei útnoegings foar reiskes, kongressen, eveneminten en itentsjes;

− ferantwurdlik en earlik omgean sil mei ... (gemeentlike) foarsjenningen en personielsregelingen;

− gjin «freonepolityk» bedriuwe sil oangeande famyljeleden, freonen, sakerelaasjes, âld-kollega’s en soksoarte;

− net-yntegere saken oan de oarder stelle sil;

− my ûnthâlde sil fan net winske omgongsfoarmen;

− yn in (takomstige) liedingjaande posysje it yntegriteitsbelied útdrage sil en it goede foarbyld jaan sil.

Sa wier helpe my God Almachtich / Sa wier helpe my Allah de Ermbarmer, de Barmhertige / Of oare godstjinstige ferwizing (eed)

Dat ferklearje en ûnthjit ik (belofte)

Regeling
Uitvoeringsbesluit Ambtenarenwet 2017
Soort
AMvB
Geldend vanaf
01-01-2025
BWB-id
BWBR0042692
Versie
2025-01-01_0

In de hele regeling · Officiële tekst op wetten.overheid.nl